Tekoart oan koardiriginten

24 maaie 2008 - 12:13

Der driget in grut tekoart oan koardiriginten yn Fryslân. Yn de ôfrûne jierren binne der te min nije diriginten oplaat foar de hûnderten koaren yn de provinsje.

De nije diriginten ha faak net de goede oplieding. Sa binne se oplaat om in klassyk koar te lieden, mar de measte koaren rjochtsje har op popmuzyk. It âlderwetske doarpskoar en it klassike koar driget hielendal te ferdwinen troch leechrin yn it ledebestân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)