Sorbyske tv by it fierljeppen

24 maaie 2008 - 11:41
  • Sorbyske tv by it fierljeppen (foto: Martin de Jong)

In Sorbyske tv-ploech fan de Rundfunk Berlin Brandenburg (RBB) makket sneontejûn opnames fan it fierljeppen op It_Heidenskip. De Sorben binne dwaande mei in dokumintêre oer Fryslân en it Frysk en fine it fierljeppen tige nijsgjirrich. Earder dizze wike sochten se fierljepper Hannes_Scherjon al op yn Noardburgum.

De tv-ploech makke ek opnames yn it Frysk Museum, it Skûtsjemuseum, de trijetalige skoalle fan De Harkema en op it eilân Skiermûntseach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)