Stadsfeesten siket noch jild

© Omrop Fryslân
De Stadsfeesten yn Dokkum geane troch al is der noch net genôch jild foar. Der moat noch 10.000 euro fûn wurde, mar it bestjoer fan de Stadsfeesten doart it oan om it feest trochgean te litten.
Fan 29 augustus oant en mei 6 septimber binne der tal fan aktiviteiten yn de stêd. De feesten soene earst net trochgean fanwege in tekoart oan jild. Mei spesjale aksjes fan ûndernimmers en in kollekte is oant no ta 40.000 euro ophelle.