Houtseachdei Gaasterlân

23 maaie 2008 - 21:04

Yn de bosken fan Gaasterlân wurdt op 22 novimber foar de earste kear in houtseachdei hâlden. Steatsboskbehear wol dan dúdlik meitsje wat der gebeurt mei de beammen dy't roaid wurde.

Faak komme dêr fragen oer fan rekreanten. Sy fine faak dat de bosken ûnnedich oer de kop helle wurde. Op de dei kinne minsken sels beammen keapje en dêrnei ferseagje litte, bygelyks foar in kast, in bêd of in skuorre. Boskwachters sille útlis jaan oer de wurkwize by it kapjen fan beammen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)