Verdonk docht oanjefte

23 maaie 2008 - 17:32

Rita Verdonk hat freed by justysje yn Den Haach oanjefte dien tsjin demonstranten dy't in wike lyn by har besite oan Ljouwert protestearden mei de leus "Ruim Rita op".

Neffens de politikus giet de tekst dy't op in spandoek stie te fier. Neffens Verdonk moat justysje útsykje wa't ferantwurdlik is foar it spandoek. De protestaksje fan ôfrûne freed wie organisearre troch de linkse organisaasje Doorbraak. De groepering seit dat it spandoek fan in oar wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)