Minister jout startskot Solar

© Omrop Fryslân
Minister Van der Hoeven fan Ekonomyske Saken jout it startskot foar de Frisian Solar Challenge; de race mei sinneboaten dy't ein juny troch Fryslân giet.
Op 23 juny begjinne de hast 50 dielnimmers oan de Alvestêdetocht op sinne-enerzjy. It evenemint is unyk yn de wrâld. De dielnimmers komme út binnen- en bûtenlân. Yn seis dagen tiid lizze de boaten 200 kilometer ôf. Der is ek in aksje fan start giet om mear sponsorjild binnen te heljen.