Faber sakket nei 5e plak

23 maaie 2008 - 16:38

Yngling-sylster Marije Faber is troch in falske start sakke fan it earste nei it fyfde plak yn de Delta Lloyd Regatta yn Medemblik.

De earste twa races einige se noch as fyfde en as achtste. Dêrnei startte se mei stjoerfrou Mandy Mulder en foardekker Merel Witteveen te betiid. Friezinnen Brechtje van der Werf en Marije Kampen diene it wol goed. Sy klommen op fan it achtste nei it tredde plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)