Ungelok Omrin Aldehaske

Frontale botsing tusken in frachtwein en in bestelauto yn Aldehaske. (foto: Alex Zwart)
Freedtemoarn hat der op it terrein fan ôffalferwuker Omrin yn Aldehaske in frontale botsing plakfûn tusken in frachtwein en in bestelauto. Hjirby is in 40-jierrige man út Surhústerfean ferwûne rekke.
De 40-jierrige frachtweinsjauffeur fan It Hearrenfean seach de bestelauto fan it slachtoffer oer de holle, omdat hy in auto fan links yn de gaten hâlde. De man út Surhústerfean is troch de brânwacht út de auto helle en nei it sikehûs brocht.