Tsjinfaller museum Martenahûs

De ynstallaasje kostet it Martenahûs 30-tûzen euro mear.
De klimaatynstallaasje yn museum Martena yn Frjentsjer kostet it museum safolle mear, dat it by de gemeente Frjentsjerteradiel oankloppet om mear jild.
De ynstallaasje kostet 30.000 euro mear en dat komt mei troch de hege enerzjyprizen. De direksje fan it museum is dêr bot fan skrokken en siket mei de gemeente nei in oplossing.