Diskusje oer amtskeatling

Diskusje oer it dragen fan amtskeatling yn Frjentsjerteradiel.
Yn de gemeenteried fan Frjentsjerteradiel is in diskusje ûntstien oer it dragen fan de amtskeatling.
De diskusje begûn twa moanne lyn, doe't it riedslid Griet Postma waarnimmend foarsitter fan de ried wie. Se droech doe de amtskeatling net. Folkert Kuperus fan Gemeentebelangen fynt dat ek de waarnimmend foarsitter de amtskeatling altyd drage moat.