Strontkonteners Easterwâlde

23 maaie 2008 - 12:45

De gemeente Eaststellingwerf giet de striid oan tsjin de oerlêst fan hûnestront.

Yn Easterwâlde-Súd steane dêrom no ferskate strontkonteners. Fierders krije alle hûnebesitters in pakket mei in skepke en in tal pûdsjes. It Bello-projekt duorret in heal jier. Minsken dy't toch de stront fan harren hûn lizze litte riskearje in boete fan 75 euro. In spesjaal ynstelde opspoaringsamtner sil dêr op tasjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)