EVT ropt help Twadde Keamer yn

23 maaie 2008 - 09:57

De Eigen Veerdienst Terschelling, de EVT, ropt de help yn fan de Twadde Keamer om de konkurrinsje op it Waad mooglik te meitsjen.

De EVT wol fan 1 juny ôf de konkurrinsje oangean mei Rederij Doeksen en in eigen fartsjinst iepenje tusken Harns en Skylge en Harns en Flylân. De tsjinst is lykwols benaud oer de takomst. By it ministearje fan Ferkear en Wettersteat wurdt wurke oan konsesjewetjouwing wêryn't de gunning eksklusyf jûn wurdt oan Rederij Doeksen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)