'Gjin krisis kolleezje H'fean'

22 maaie 2008 - 21:26

Dat de PvdA-fraksje tsjin de komst is fan jeugdfinzenis Het Poortje yn de buert fan in wenwyk, soarget net foar krisis binnen it kolleezje fan Hearrenfean. Dat sei boargemaster Peter de Jonge tongersdei.

De gemeente hâldt fêst oan de proseduere dy't opsetten is, sels no't wol dúdlik is dat in mearderheid yn de ried de plannen ôfkarre sil. De Jonge is wol teloarsteld yn syn eigen PvdA, foaral omdat it beslút foar spannings soarget tusken de politike partijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)