Ferkeap drank oan bern

22 maaie 2008 - 15:52

Lokteenagers moatte dúdlik meitsje hoefolle winkellju noch alkohol ferkeapje oan bern ûnder de 16. Dat is it foarstel fan de PvdA yn de Twadde Keamer. It soe no noch te faak sa wêze dat jongeren miksdrankjes yn blik en Breezers maklik mei krije. En dat is ferbean.

Ek yn Fryslân is it foar bern ûnder de 16 jier net sa dreech om oan alkoholhâldende drankjes te kommen, sa docht út in stekproef fan de Omrop bliken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)