Gjin evangelisaasje op Oerol

© Omrop Fryslân
Evangelyske gemeente Rafaël fan Skylge mei op it Oerolfestival gjin kabaret- foarstellings organisearje op it eilân. Kabaretier Ruurd Walinga út Ljouwert wie útnoege om trije foarstellingen te jaan yn it earste wykein fan Oerol. De organisaasje fan it festival hat dat tsjinholden.
De evangelyske gemeente hie de seal fan de mavo yn Midslân hierd, mar de gemeente Skylge wol de seal net beskikber stelle as de kabaret- foarstellingen mei Oerol holden wurde.