Twa jier sel foar drugsdealer

22 maaie 2008 - 13:23

Tsjin ien fan de sân fertochten yn de grutte drugshannelsaak yn Noardeast- Fryslân is tongersdei twa jier sel easke. It giet om in 38-jierrige man út Kollumersweach. It wurdt him foaral swier oanrekkene dat er drugs ferkocht hat oan jonge bern.

Yn de saak waarden earder dit jier mei elkoar 90 minsken oanholden dy´t kokaïne brûkten of deryn hannelen. De jongste wie in famke fan 13 jier. Der binne sân haadfertochten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)