Brânwacht siket frijwilligers

22 maaie 2008 - 13:12

De brânwacht fan Smellingerlân ferrommet syn regels by it oannimmen fan frijwilligers. De kazerne hat op it stuit in tekoart oan frijwilligers. Der moatte op syn minst noch tsien by. Dy moatte no binnen fjouwer minuten op de kazerne oanwêzich wêze kinne.

As it tekoart oan frijwilligers bliuwt, dan kinne ek minsken fan fierder by de brânwacht. Woansdei hat de brânwacht in grutte aksje hâlden om nije frijwilligers te winnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)