Acht blauwe flaggen yn Fryslân

In blauwe flagge foar Dellewal
Fiif jachthavens en trije strannen yn Fryslân hawwe tongersdei de saneamde blauwe flagge krigen. Dat betsjut dat se skjin en feilich binne en goede foarsjennings ha. Ferline jier waarden ek acht flaggen yn Fryslân útdield.
De jachthavens Dellewal op Skylge, de binnen- en bûtenjachthaven fan De Lemmer, de jachthaven Boarnstream fan Jirnsum en ´t Soal fan Warkum hawwe in blauwe flagge krigen. Datselde jildt foar trije strannen op it Amelân, dy fan Buren, Nes en Hollum.