Auto oer de kop en yn ´e feart

© Omrop Fryslân
By in ûngelok op de A32 by Wolvegea binne woansdei twa bern fan 3 en 6 jier en de 36-jierrige mem ferwûne rekke. De frou út Wolvegea woe in drinkbeker pakke dy´t fallen wie, mar hie dêrtroch har auto net mear ûnder kontrôle.
De auto sloech twa kear oer de kop en bedarre úteinlik yn de sleat. Twa foarbygongers ferlienden earste help en warskôgen de helptsjinsten. De frou en har beide bern binne oerbrocht nei it sikehûs.