H´fean ferliest, AZ kampioen

© Omrop Fryslân
De froulju fan SC Hearrenfean hawwe de lêste kompetysjewedstriid mei 2-1 ferlern fan AZ_Alkmaar. De Alkmaarders binne dêrtroch de earste kampioen fan de earedivyzje foar froulju.
Foar It_Hearrenfean wie it seizoen in stik minder súksesfol. De ploech fan trainer Harry_Sinkgraven einige stiif ûnderoan mei 11 punten út 20 wedstriden. It wie dan ek benammen in learjier foar de froulju fan It_Hearrenfean.