Auto skansearre troch TomTom

21 maaie 2008 - 21:10

In jonge bestjoerder fan It Hearrenfean folge de oanwizings fan syn TomTom sa goed dat er út ´e bocht fleach. De bestjoerder ried woansdeitejûn op de Planetenlaan yn Ljouwert doe´t syn TomTom sei dat hy rjochtsôf slaan moast.

De man sloech fuortdalik it stjoer om, en rekke troch syn hege snelheid de kontrôle oer it stjoer kwyt. De auto rekke swier skansearre. De man kaam mei de skrik frij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)