Lieuwe Westra op poadium

21 maaie 2008 - 18:04

Lieuwe_Westra kaam woansdei yn de fjirde etappe fan Olympia´s_Tour as tredde oer de einstreek. De etappe fan Appelskea nei Genemuiden oer 159 kilometer waard yn de massasprint wûn troch Bobbie_Traksel.

Yn it algemien klassemint klom Lieuwe_Westra wer nei it tredde plak. Lieder Lars_Boom hat 15 sekonden foarsprong, Coen_Vermeltfoort stiet mar ien tel foar de ynwenner fan Mûnein. Tongersdei is de langste etappe fan Hasselt nei Gerwen oer 227 kilometer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)