Rotondes yn dyk Trynwâlden

© Omrop Fryslân
De autodyk tusken Aldtsjerk en restaurant E10 by Tytsjerk wurdt feiliger makke. It is de bedoeling dat yn 2009 begûn wurdt. Sa wurde seis krúspunten yn Gytsjerk en Oentsjerk feiliger makke troch ûnder oare rotondes oan te lizzen.
It feiliger meitsjen fan de dyk troch de Trynwâlden is noch wol ôfhinklik fan ´e komst fan de Sintrale_As. Sadree´t dy wis is, sil de provinsje jild beskikber stelle.