Skoallen wolle op glêsfezel

© Omrop Fryslân
Goed hûndert skoallen yn Noardeast-Fryslân bondelje de krêften om oansletten te wurden op it glêsfezelnetwurk. Sa soene se hiel rap ynternet krije kinne. Yn de ôfrûne moannen is ûndersyk dien by de skoallen. Dêrút docht bliken dat der in soad ferlet is fan sa´n netwurk.
Mar it is noch net alle skoallen dúdlik wat se der krekt mei kinne. Dêrom komt der noch in ferfolchûndersyk nei de mooglike tapassings.