Alle Friezen oan de LED-lampe

© Omrop Fryslân
Alle Fryske húshâldens moatte it kommende jier de LED-lampe oanskaffe. Dat is it doel fan ´e Fryske Miljeu Federaasje en de provinsje. De kommende hjerst wurdt út_ein_set mei de kampanje ´Better LED as net´.
It enerzjyferbrûk fan ´e LED-lampe is de helte fan dy fan sparlampen. Yn ferliking mei in gloeilampe besparret de LED-lampe wol 90%. De lampe giet ek 35 jier lang mei. Mei help fan sponsors wurdt de lampe foar minder as tsien euro ferkocht.