IJlst wurdt offisjeel Drylts

Drylts is earste fan de alve Fryske stêden dy´t yn plak fan de Nederlânske namme de Fryske namme offisjeel makket. De ried fan Wymbritseradiel hat besletten dat alle plakken in Fryske namme krije. Wymbritseradiel is de sande gemeente dy´t dat docht.
De nije nammen wurde op 1 jannewaris 2009 trochfierd. Der is dan noch tiid foar nedige oanpassings. It giet ûnder oare om de gemeentlike administraasje en om nije plaknammebuorden. Der komt noch in foarljochtingskampanje.