Wytmarsum: âldpapierkontainers

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan Wytmarsum krije in kontainer foar it sammeljen fan âld papier. It giet om in proef fan de gemeente en ôffalferwurker Omrin. De 750 húshâldens yn Wytmarsum krije de kontainer oer in pear wike. Se wurde útdield troch leden fan de pleatslike muzykferiening.
Dy muzykferiening soarget ek foar it leegjen fan de kontainers. Mocht de proef goed útpakke, dan krije oare ynwenners fan Wûnseradiel mooglik ek in kontainer foar âld papier.