Heilsleger begeliedt gesinnen

21 maaie 2008 - 09:59
  • Leger des Heils

It Leger_des_Heils hat yn 2007 54 Fryske húshâldings yntinsyf begelaat. It giet om gesinnen mei earnstige problemen op it mêd fan finânsjes, ferslavings en psychyske problemen.

It Leger besiket mei de begelieding foar te kommen dat de gesinnen har hûs út set wurde of dat bern út hûs pleatst wurde. It tal gesinnen dat yn Fryslân begelaat waard, leit flink leger as yn de oare noardlike provinsjes: yn Drinte waarden 97 gesinnen holpen, yn Grinslân 109.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)