Restauraasje Waach is klear

21 maaie 2008 - 09:49

Wethâlder Marga_Waanders slút woansdei de restauraasje fan de Waach yn Ljouwert ôf. Dy waard yn 1595 boud as plak foar de hannel yn suvelprodukten. Yn 1993 waard der foar de lêste kear grut ûnderhâld oan it gebou dien.

Twa jier lyn waard besletten ta in grutte opknapbeurt, dêr´t de Waach by yn oarspronklike steat werombrocht is. De wethâlder slút de restauraasje ôf mei it pleatsen fan de lêste fergulde wynwizer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)