Boon wetterskiplistlûker CDA

21 maaie 2008 - 09:09

Harry Boon (53) út Harns wurdt nei alle gedachten de listlûker foar it CDA by de wetterskipsferkiezings. Boon wurdt troch it provinsjaal bestjoer fan it CDA foardroegen.

Harry Boon is no al lid fan it algemien bestjoer fan it wetterskip, yn it deistich libben is er ynterim-manager. Fierder is er aktyf by de fûgelwacht en is er yn Harns rayonhaad fan de alvestêdeferiening. Op 23 juny beslute de CDA-leden oer de kandidatuer fan Boon.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)