Fjirde dei busstaking

Hjoed wurdt der opnij staakt troch bussjauffeurs
Der wurdt woansdei op 'e nij staakt troch bussjauffeurs. It giet om de fjirde stakingsdei yn in wike tiid. Troch de staking ride der bûten de spits gjin bussen yn parten fan Súdeast-Fryslân en yn Ljouwert.
De bussjauffeurs fiere aksje omdat se it net iens binne mei it CAO-oanbod fan 'e wurkjouwers. Ek foar tongersdei stiet der in staking oankundige. Ek dan ride der bûten de spits gjin bussen.