Anco Jansen nei Cambuur

20 maaie 2008 - 13:34

Middenfjilder Anco Jansen spilet takom seizoen op amateurbasis foar Cambuur. De talintfolle spiler krijt de kâns om in kontrakt te fertsjinjen yn Ljouwert. Jansen waard it lêste heal jier troch FC Zwolle ferhierd oan FC Grins. By Zwolle hie Jansen argewaasje mei syn trainer Jan Everse.

De 19-jierrige Jansen spile oant no ta 40 wedstriden yn it betelle fuotbal foar FC Zwolle. Hy skoarde dêryn twa kear. De middenfjilder kin ek as fleugeloanfaller út de fuotten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)