Metadonpost nei wenwyk

20 maaie 2008 - 12:17

Ferslaafden yn Snits moatte fan oktober ôf de metadon op in oar plak helje. Ferslavingssoarch Noard-Nederlân ferhuzet fan it Julianapark nei de Kanaalstrjitte. It âlde plak is midden tusken de kantoaren en it nije tusken de wenhuzen. De buert is net bliid mei de ferslaafden om 'e doar. Op 29 maaie is der yn ynformaasjejûn.

De gemeente Snits fynt dat de lokaasje Kanaalstrjitte de bêste kar is. Earder soe de opfang nei de wyk De Swette, mar dêr wiene ek buertprotesten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)