Ark en tsizen stellen

© Omrop Fryslân
Ut in pear wurkauto's yn Eanjum is foar tûzenen euro's oan ark stellen. De dieders hawwe de bak fan de weinen dêr't it ark yn siet, iepenbrutsen. Se binne útnaaid mei ûnder oare fjouwer profesjonele lasapparaten fan tûzenen euro's it stik.
Ut in winkel yn de Bilgaardpassaazje yn Ljouwert binne dit wykein tsizen stellen. De ynbrekker hat it rút fan de saak fernield om deryn te kommen. Dêrnei hat er de tsizen meinaam. Der is noch gjin spoar fan 'e dieder.