Ungelok mei shovel

© Omrop Fryslân
In 35-jierrige man út Surhústerfean is moandei yn Frjentsjer ferwûne rekke by in ûngelok mei in shovel. Hy bestjoerde de shovel, doe't troch ûnbekende oarsaak de 'leppels' dêrfan losrekken. De man ried deroerhinne, wêrtroch't de shovel mei in klap optild waard. Mei ferwûnings oan de holle en is it slachtoffer mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.
De Arbeidsynspeksje siket út hoe't it ûngelok barre koe.