Cramer priizget Ljouwert

19 maaie 2008 - 22:20

"Oare Nederlânske gemeenten moatte in foarbyld nimme oan de gemeente Ljouwert op it mêd fan duorsumens en enerzjybesparring". Dat sei minister Cramer fan Miljeu moandei by har besite oan de stêd. Yn de kommende moannen wurde der bygelyks goed 3000 sparlampen útdield oan minima. Cramer fynt dat dat op oare plakken ek moat.

Neffens de minister docht de gemeente it folle better as oare gemeenten, mar moat dat mear ûnder de oandacht brocht wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)