Man yn Friens falt 7 meter

De man út Ljouwert makke in fal fan sân meter (foto: Robert - Jan Boonstra)
Yn Friens oan de fan Sytzamawei is moandeitemiddei in man út Ljouwert fan in dak ôffallen. De man makke in fal fan sân meter.
It slachtoffer wie mei in heechwurker op it dak kaam om dêr oan it wurk te gean. De man is doe nei ûnderen fallen. Neist de ambulânse waard ek de traumahelikopter ynskeakele. Uteinlik koe it slachtoffer mei de ambulânse nei it sikehûs brocht wurde. De man hat swiere ferwûnings oprûn.