Friezen yn Olympia´s Tour

(Foto: Lenus van der Broek)
De twadde etappe yn Olympia´s_Tour fan Wassenaar nei Heerhugowaard oer 176 kilometer is moandei wûn troch de Noar Joachim_Böhler. Hy wie de rapste fan in grutte groep. Yn dy groep sieten ek de Friezen Lieuwe_Westra en Maint Berkenbosch. Jan_Bos, Hidde_van_Nuil en René_Hooghiemster hiene in lytse achterstân. Sierk-Jan_de_Haan, Sipke_Zijlstra en Wim_Stroetinga krigen in protte minuten oan de hurdfytsbroek.
Lars_Boom bliuwt de lieder, Lieuwe_Westra is op sân sekonden tredde.