Kollum: enerzjyneutraal wenje

19 maaie 2008 - 17:12

It Ryk moat subsydzje beskikber stelle foar it bouwen fan enerzjeneutrale wenten. Dy oprop die wethâlder Tjisse Hogendorp moandei by de oplevering fan twa enerzjyneutrale wenten yn Kollum.

Minister Jacqueline Cramer fan Miljeu wie der ek. Kollumerlân wol yn 2020 folslein enerzjyneutrale wenten bouwe. Dat binne huzen dy't mear enerzjy opleverje as dat se kwyt binne. Minister Cramer fynt ekstra stipe net nedich, omdat it Ryk al in soad oare subsydzjepotten hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)