'Jongerein moat wer Waadrinne'

19 maaie 2008 - 14:32
  • De jongerein fan no fynt it waadrinnen te swier...

De waadrinferienings wolle mei moderne boat- en busarranzjeminten de jongerein wer oan it waadrinnen krije. Dy litte it hieltyd mear ôfwitte omdat se gjin nocht ha oan de lange en faak drege kuiertochten troch slyk en wetter. Der komme ek natuerekskurzjes dy't oanslute by it lespakket fan it fuortset ûnderwiis.

Moandei makken de waadrinferienings ôfspraken mei de provinsjes oer it tal minsken dat Waadrinne mei en de regels om dat sa feilich mooglik te dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)