Cambuur wol twa nije spilers

Michael Jansen, dy't it ôfrûne heal jier foar De Graafschap spile
Sportklub Cambuur hat in bod útbrocht op twa spilers. It giet om Michael Jansen, dy't it ôfrûne heal jier foar De Graafschap spile, en Anco Jansen út it belofte-team fan FC Grins.
Michael Jansen (23) is in ferdigener, dy't earder seis seizoenen foar Vitesse spile. Dêr krige hy hertkwalen dy't him lang út de rûlaasje hâlden. Anco Jansen (19) kin op it middenfjild en as fleugeloanfaller út de fuotten. Hy spile earder foar FC Zwolle.