Mei 137 km oer de Dongeradyk

© Omrop Fryslân
De plysje hat snein fan trije automobilisten it rydbewiis ynnommen omdat se te hurd rieden. Op de Dongeradyk tusken Mitselwier en Ternaard ried in man (49) 137 km yn 'e oere wylst je dêr mar 80 ride meie. In bestjoerder (27) út Dokkum rekke syn rydbewiis kwyt doe't hy op de Lauwersmarwei hast 60 km yn 'e oere te hurd ried.
In oare Dokkumer (22) ried snein 77 km te hurd op de Grinzerstrjitwei by Ljouwert. Hy is syn rydbewiis ek kwyt.