Westra 2e yn Olympia´s Tour

Lieuwe Westra bêst yn Olympia´s Tour
Lieuwe_Westra is snein yn de earste etappe oer 142 kilometer fan Olympia´s_Tour twadde wurden. Yn de massasprint yn Wassenaar wie Coen_Vermeltfoort de rapste. Troch it winnen fan de tuskensprints is Lars Boom de nije lieder yn it klassemint.
Lieuwe_Westra pakte troch syn twadde plak ek seis bonifikaasje sekonden. Yn it algemien klassemint stiet hy tredde op fjouwer tellen fan Boom. De Deen Casper_Jorgensen is twadde, ien sekonde foar Mûneiner Westra.