Man byt oare man yn earm
In 38-jierrige Ljouwerter is sneontenacht oppakt foar swiere mishanneling. De man krige yn hoarekasaak Fire Palace oan de Nijstêd yn Ljouwert spul mei in 26-jierrige ynwenner fan Hallum. De fertochte biet de Hallumer yn 'e earm.
Personiel fan de hoarekasaak ha de Ljouwerter oerdroegen oan de plysje. De man sit noch fêst.