Jan Sipkema kremeard

18 maaie 2008 - 09:49

De âld-foarsitter fan de Alvestêdeferiening, Jan Sipkema is sneontemiddei yn Driehuis yn Noard-Hollân kremeard. Dat hat Henk Kroes, ek âld-âlvestêdefoarsitter, sein.

Sipkema ferstoar moandei op 75-jierrige leeftyd. Goed 80 minsken wiene by de kremaasje oanwêzich, ûnder wa in delegaasje fan it bestjoer fan de Feriening Friesche Elf Steden. Sipkema wie earelid fan de alvestêdeferiening en offisier yn de orde van Oranje-Nassau.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)