Jelte Posthumus wint Liet 2008

Jelte Posthumus fan Grins en syn band Pilatus Pas binne sneon de grutte winner wurden fan Liet 2008. Mei it liet 'De wiete wyn hellet oan' wûn Posthumus oertsjoegjend de sjuerypriis en de publykspriis. Posthumus hie 25 punten foarsprong op de nûmers twa Ljoubjr en de Derelict Dandies.
De Steven Sterkpriis foar de bêste nije liettekst gie nei it duo Ljoubjr foar harren nûmer Skreau. De belangstelling foar Liet 2008 wie grut; de seal wie útferkocht.