Postma wint Lippe Lap A7

© Omrop Fryslân
Hurdfytser Theo Postma fan Sweagerbosk hat de tredde wedstriid fan de klubkompetysje, de Lippe Lap A7 Classic, wûn. Theo Postma en Jeffrie van der Velde fan Kropswolde pakten op tsien kilometer foar de einstreek 25 sekonden foarsprong op it peloton.
Postma kaam úteinlik nei 165 kilometer allinnich oer de streek. Van der Velde waard twadde, Dirk Oude Ophuis fan Denekamp tredde. Niek Hooghiemster en Casper Mylius (beiden Friesche Leeuw) waarden fiifde en sechsde.