Tariedings foar Liet

17 maaie 2008 - 13:23

Yn De Harmonie yn Ljouwert wurde sneontemiddei de soundchecks foar Liet 2008 dien. Om 16.00 oere is de generale repetysje. Tsien finalisten út alle hoeken fan Fryslân stride sneontejûn om de haadpriis: útstjoering yn oktober fan dit jier nei Liet Ynternasjonaal yn Sweden.

De finalisten ha har kwalifisearre troch yndruk te meitsjen op ien fan de fiif foarrondes fan ôfrûne winter. It sjongfestival begjint sneontejûn om 20.30 oere. Der binne noch wat kaarten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)