Fûgelsjochhutte Skier iepene

© Omrop Fryslân
De fûgelsjochhutte oan de Westerplasse op Skiermûntseach wurdt sneontemiddei offisjeel yn gebrûk naam. Dit nei oanlieding fan in priis fan 25.000 euro foar it eilân fan it NCRV-programma 'De mooiste plek fan Nederland'.
Dochs hat it noch twa jier duorre foardat de hutte klear is. Sytze Schut fan Skiermûntseach wie yn 2006 de ambassadeur fan it eilân om it moaiste plakje fan Nederlân te wurden.