Winkel oerfallen yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
De plysje yn Ljouwert docht ûndersyk nei in oerfal freedtejûn op in winkel oan de Foarstreek yn de stêd. Dit barde krekt foar slutingstiid tsjin alven. Twa ûnbekende manlju kamen de winkel binnen en bedrigen de meiwurker fan de winkel mei in mes.
Yn de tuskentiid waard jild út de kassa helle. Dêrnei ha de oerfallers de winkel ferlitten. De plysje hat noch socht yn de omjouwing, mar dat hat neat opsmiten.